Ek Empatec ûndertekent ‘Bûnsgenoatskip foar lêzen en skriuwen Fryslân’


Fryslân pakt it min lêze en skriuwe kinnen oan! Ek Empatec ûndertekent moandei 1 july 2013 yn Snits it ‘Bûnsgenoatskip foar lêzen en skriuwen Fryslân’.

Fiifentweintich publike en private organisaasjes tekenje it bûnsgenoatskip en sette har de kommende 3 jier yn om it min lêze en skriuwe kinnen yn Fryslân foar te kommen en te ferminderjen. Dêr wurde dy partijen by advisearre troch de Stichting Lezen & Schrijven.

Ut namme fan haadstêd Ljouwert ûndertekenet Thea Koster (wethâlder Jeugd en Underwiis) it bûnsgenoatskip: “Ljouwert set yn op it tefoarrenkommen fan min lêze en skriuwe kinnen troch al yn in hiel ier stadium foar- en ierskoalske edukaasje oan te bieden. Dat is wichtich foar de jongeren mar benammen ek foar de gemeente! Yntiids sinjalearjen foarkomt in soad problemen yn in letter stadium.”

1 op ’e 10
Yn Fryslân hat goed 1 op ’e 10 folwoeksenen muoite mei lêzen en skriuwen yn it Nederlânsk. Hja kinne dêrtroch net oer alle boegen partisipearje yn ús moderne maatskippij. De ûndertekeners fan it bûnsgenoatskip ferklearje dat sy har mei-inoar ynsette om de behearsking fan lêzen en skriuwen ûnder har klanten, kliïnten, meiwurkers of ynwenners te fergrutsjen. Dêrta sille sy min lêzen en skriuwen sa goed mooglik sinjalearje en de oangeande persoan trochferwize nei in gaadlike kursus. Wêr’t soks kin passe se ek har kommunikaasje oan en organisearje aktiviteiten om lêzen en skriuwen te befoarderjen.

It bûnsgenoatskip wurdt ûndertekene troch de folgjende partijen: Adecco, Biblioteek Service Fryslân, de biblioteken Noardeast Fryslân, Noardwest Fryslân, Súdwest Fryslân, Súdeast Fryslân, Caparis, CINOP, Empatec, Friesland College, Gemeente Ljouwert, Gemeente Smellingerlân, Hamilton Bright, Humanitas ZW-Frl, Ynformaasjekrante Breeduit, Berneboekewinkel “De Toverlantaarn”, Leger des Heils Noard, Lions Club, Platfoarm Kennisûntwikkeling Fryslân, Platfoarm Lêsbefoardering Fryslân (13 partijen, û.o. Stichting Lêzen & Afûk), Provinsje Fryslân, Rotary Snits, Stichting MEE, Taalburo Popkema en Talant.

Undersyksresultaten
De iepening fan de byienkomst wurdt fersoarge troch deputearre Jannewietske de Vries, dy’t fan it earste stuit ôf nau belutsen west hat by it ûntstean fan it bûnsgenoatskip. Neist de ûndertekening is der ûnder de byienkomst omtinken foar de resultaten út it ûndersyk oer it lêsgedrach yn Fryslân. Ut it ûndersyk docht bygelyks bliken dat in mearderheid fan de Friezen har bern foarlêst en meastepart fan de Friezen (83%) foar it fuortbestean fan de Fryske taal pleitet.

Meer info: www. lezenenschrijven.nl

Wilt u ook werk aan Empatec uitbesteden?

  • Hidden

Laat uw gegevens achter en wij nemen contact met u op.